Gouden Gurbe foar Simke
Stichting Iepenloftspul De Harkema won saterdei 22 oktober in Gouden Gurbe foar de beste foarmjowing fan Simke in frysk fanke. Ek wiene der twa nominaties foar beste byrol en beste headrol...
Op dat prachtige Spitkeetplak fan Harkema war ek wer suggestyf gebrûk makke fan de grutte romte dy't ús mei filmyske snelheid oan ien wei fan de Wâlden nei in stylfol kostummearre strjitbyld yn Den Haag brocht, en oarsom, wylst it byld op de reusachtige komputer der yn timing prachtich yn meigong.
De nominatie foar de beste byrol, Fokke Plantinga, is nomineard as Jan Ritskes Kloosterman yn "Simke". Hy sette syn rol as eigensinnige Einzelgänger en sosjaal wat ûnhannige man sterk del.
Oertsjûgjend as in goede heit fan Simke yn in ûngelokkich houlik, mar ek yn it sjen litten fan syn affaire mei it tsjinstfamke.
De nominatie foar de beste he
adrol .... Frouke Holtrop wie foar de folwoeksen Simke Kloosterman in "Simke". Sij kaam nei it skoft krekt oan'e bak mar joech in moai ferfolch oan de ûntwikkeling fan Simke wert twa jonge famkes foar it skoft ek al mei prima spyljen de basis ta lein hiene.
It wie knap hoe konsistint sij har jeuchd, har opfieding, sels de ynfloed fan sawol heit mei syn sosjale ûnhannigens, as mem mei har trochdriuwerij oan'e ein ta yn har karakter fêsthold.













